Konsert earbetoan Jan Giro

10 aug 2012 - 20:52

In earbetoan freedtejûn yn Ljouwert oan de Ljouwerter Rock 'n Roll leginde Jan Giro. Op it Olderockfestival waard stilstien by syn ferstjerren sân jier lyn.

It wie in konsert mei in spesjale aksje: wa't noch jild tegoede hie fan Jan Giro mocht der fergees yn. In 30 man by wa't Giro in skuld hie, kaam op de aksje ôf. It konsert luts sa'n 1000 besikers. De organisaasje wol takom jier wer in tributejûn organisearje op de freed foar it Into the Grave festival.

Jan Giro wie foaral yn Ljouwert bekend as rock 'n roll artyst. Hy hat ien album útbrocht en in single. Giro wie in soad yn it Ljouwerter nachtlibben te finen en is sels in kear útroppen ta Nachtburgemeester fan Ljouwert. Jan Giro hiet yn it echt Jan Smedinga. Hy dronk in soad en liende by in soad Ljouwerters jild. Somtiden loste hy syn skulden ôf mei in optreden. Yn 2005 ferstoar hy yn de âldens fan 49 jier oan termkanker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)