Konseptnota fiskerijbelied

12 maaie 2004 - 00:00

De provinsje Fryslân hat woansdeitemoarn har konseptnota Fiskerijbelied presintearre. Dêryn giet it oer de beropsfiskerij op sâlt en swiet wetter en de sportfiskerij. De dreechste diskusje spile tusken de sportfiskers en de beropsfiskers oer de rjochten foar it fangen fan snoekbears.

Wat de garnalefiskerij oangiet set de provinsje ûnder mear yn op de komst fan in pelmasine. Garnalen wurde no faak noch yn Marokko mei de hân peld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)