Konkurrinsjeslach fitnessklups

27 nov 2009 - 15:21
  • De nagelnije Achmea Health Centre oan it Kealledykje

De sportskoallen yn Ljouwert sjitte as poddestuollen út 'e grûn wei. Sa wurdt freed it Achmea Health Centre iepene oan it Kealledykje en yntusken bout konkurrint My Health Club deun dêrnjonken de twadde festiging. Op it Kealledykje sitte al twa grutte sportskoallen: Citadel en Fitplan.

Der binne no mei-inoar tolve sportskoallen, wylst in stêd as Ljouwert neffens saakkundigen maklik mei acht sportskoallen takinne soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)