"Konkurrinsje yn de kreamsoarch is behoarlik"

18 nov 2015 - 22:47
  • Isis Kreamsoarch

Isis Kreamsoarch fan it Hearrenfean giet per 1 jannewaris oer nei de holding Geboortezorg Noord Nederland fan it Martini Sikehûs yn Grins. "De konkurrinsje yn de kreamsoarch is behoarlik, en dêrom wie it bedriuw al langer op syk nei skaalfergrutting", seit direkteur Marja Salverda. By de Kwadrantgroep, dêr't Isis Kreamsoarch earst by siet, koene se dat net foar mekoar krije.

Foar de klanten en meiwurkers fan Isis Kreamsoarch feroaret der foarearst net folle. It is de bedoeling dat alle kreamsoargers by it bedriuw oan it wurk bliuwe. De wurkwize sil tenei wol wat oanpast wurde. "Wy binne faak noch wol wat tradisjoneel", seit Salverda, "en by it Martini Sikehûs binne se al in stap fierder." Sa wurkje se dêr mei fêste teams fan kreamsoargers om kreamkundigepraktiken hinne.

De namme Isis bliuwt foarearst bestean. Al is dy yn dizze tiid, ek neffens Salverda, wol wat 'beladen'. "Dêrom sizze wy altyd Isis Kreamsoarch, mei Kreamsoarch der direkt achteroan."

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)