Konkurrinsje foar stedsferfier

06 sep 2000 - 12:03

It Ljouwerter stedsferfier komt mooglik yn oare hannen. De gemeente wol it ferfier, dat op it stuit troch Arriva fersoarge wurdt, takom jier iepenbier oanbesteegje. De nije wet op persoaneferfier ferplichtet de gemeente dêrta.

In oare ferfiersmaatskippij kin as gefolch ha dat it stedsferfier minder goed oanslút op it ferfier yn de regio om't mei ferskillende kaartsjes wurke wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)