'Konkurrinsje fan lângenoaten'

05 feb 2014 - 10:05
  • Sven Kramer op parsekonferinsje Sotsji

Sven Kramer sjocht by syn rit op de fiif kilometer benammen nei de konkurrinsje fan syn lângenoaten. De reedrider fan It Hearrenfean komt sneon yn aksje op de Olympyske Spelen yn Sotsji. Kramer is yn it foar favoryt foar de titel, mar hâldt rekken mei Jorrit Bergsma en Jan Blokhuijsen dy't ek jacht meitsje sille op de titel. Nei ôfrin fan de trening yn de Adler Arena sei Kramer woansdei dat it liket oft er 'wol eefkes medaljes opheljen komt' mar sa maklik is it net altyd. De druk op de Spelen is noch altyd wat grutter neffens de Fries.

Reedrydcoach Geert Kuiper hâldt de Russen dizze kear ekstra skerp yn de gaten. Neffens de coach fan de TVM-ploech docht de Russyke ploech der alles oan om op eigen grûn te winnen. Mar hy giet der fanút dat alles wol earlik giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)