Konkoers S'fean giet net troch

28 des 2008 - 18:02
  • Concours Hippique giet takom jier oer

It Concours Hippique fan Surhústerfean giet takom jier net troch. It bestjoer kin net in geskikte lokaasje foar it evenemint fine. It hynstesportfeest waard oant ferline jier op in stik lân oan de Heideleane by it doarp hâlden.

Omdat de eigner, in boer, dat net mear woe, wykte de organisaasje dit jier út nei it terrein neist it eardere transportbedriuw De Bruin. De beskikbere grûn wie dêr lykwols minder en boppedat hat de eigner fan dát terrein nijbouplannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)