Konkoers Riis nei Harich

13 jan 2005 - 10:03

It Concours Hippique fan Riis ferhuzet nei de Wyldemerk yn Harich. It Riister konkoers wurdt alle jierren op de earste sneon fan augustus hâlden. De ôfrûne sechtjin jier gebeurde dat op it Bakhúster Heech by Riis. Mar om't de kosten tanimme en it publyk ôfnimt giet it konkoers nei maneezje Gaasterlân oan de Wyldemerk yn Harich.

Dat plak hat mear fasiliteiten, lykas in parkearterrein en in kantine. Ek kin der no earder begûn wurde mei de opbou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)