Konkoers Hippyk yn Dokkum hat nij plak fûn en kin trochgean

28 maaie 2015 - 12:05

It Nasjonaal Konkoers Hippyk yn Dokkum kin trochgean. De 76e edysje fan it hippyske evenemint op 27 juny drige net troch te gean om't it fertroude wedstriidterrein oan it Tolhúspark op dit momint opknapt wurdt.

De organisaasje hat moannen lang socht om in gaadlik plak en hat dat no fûn yn it Hurddraverspark by sporthal De Trimmer. Dat is histoaryske grûn, want sûnt 1600 waarden dêr de Keningsdraverijen hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)