Koning tsjin Hertha BSC

04 nov 2009 - 15:20
  • Gerry Koning (foto: Dirk Jan Haarsma)

Gerry Koning sil tongersdei tsjin Hertha BSC spylje. Hy is de ferfanger fan rjochterferdigener Daryl Janmaat om't dy skorst is. Foar de rest stiet itselde alvetal fan SC Hearrenfean op it fjild lykas yn de lêste kompetysjewedstriid tsjin ADO Den Haach.

Nei trije wedstriden yn de Europa League stiet Hearrenfean mei 4 punten op it twadde plak. By winst op de ploech út Berlyn komt oerwintering yn Europa hiel tichtby.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)