Konifearen yn 'e brân De Jouwer

10 sep 2006 - 14:49

Der binne yn de nacht fan sneon op snein op ferskate plakken op De Jouwer konifearen yn de brân stutsen. De earste melding kaam om 03.30 oere by de plysje binnen. By in wente oan de Oosterstraat giene 15 konifearen yn flammen op.

Ek by huzen oan de Hettebaes, Eeltjebaes, Kerkstraat en de Hobbe van Baerdtstraat rekken der planten yn de brân. De plysje en de brânwacht ha it fjoer útmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)