Konifearen De Hommerts yn brân

13 mrt 2011 - 13:15

Yn De Hommerts is sneontejûn in konifearehage yn de brân stutsen. Foarbygongers seagen de hage yn de brân stean en sloegen alarm. It fjoer koe mei in pear amers wetters útmakke wurde. Tsien konifearen en in stek binne ferlern gien.

Yn de omjouwing fan de konifearen waard in spuitbus fûn. Tsjûgen koene de plysje melde dat se wilens de brân in wite auto riden sjoen ha, mar de plysje hat noch gjin minsken oanhâlde kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)