Konifearehagen yn de brân

30 mrt 2008 - 15:15

Unbekenden ha yn de nacht fan sneon op snein konifearehagen op De Harkema yn de brân stutsen. Dat barde tusken 23.45 en 04.20 oere. It giet om trije brantsjes yn in hage oan de Warmoltstrjitte en ien yn in konifearehage op de Roggekamp.

De brânwacht koe it fjoer yn trije gefallen dwêste. De oare brân waard troch omstanners útmakke. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)