Konifearebrân yn Drachten

03 des 2011 - 15:58

De plysje siket minsken dy't mear fertelle kinne oer in brân yn in konifearehage oan de Engwerd yn Drachten. Dêr stie sneontemoarn betiid in tolve meter hege konifear yn de brân. De plysje tinkt dat it oanstutsen is.

Troch yngripen fan de bewenners koe foarkaam wurde dat it fjoer oersloech nei in carport. De plysje ropt tsjûgen op harren te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)