Kongressintrum finansjeel krap

16 aug 2010 - 20:51

Der moatte gau strukturele feroarings komme by it Frysk Kongressintrum yn Drachten, oars kin it wolris de ein wêze. Dat seit Jan Boomsma fan it Kongressintrum. Neffens him moat de bestimming fan it sintrum ferromme wurde om sa ekstra jild binnen te heljen. Op it stuit draait it sintrum 100.000 euro yn it jier yn de min.

Ien fan de ideeën fan Boomsma is om saneamd hynderrelateard wenjen oan te bieden. Minsken kinne dan harren hynder hast yn de tún hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)