Kongres oer wurdboeken

20 jun 2009 - 15:01
  • It kongres wrudt holden yn it WTC Expo

Yn Ljouwert binne sneon de ôfspraken fêstlein tusken de Europeeske organisaasje fan skriuwers fan wurdboeken en de Fryske Akademy oer it organisearjen fan in grut kongres. Dat kongres wurdt takom jier simmer hâlden yn it WTC Expo yn Ljouwert.

Der komme dan mear as 300 útjouwers, ûndersikers en skriuwers fan wurdboeken nei de stêd ta. It is it grutste kongres op dit mêd yn Europa. Der binne dan lêzings en demonstraasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)