Kongres oer Europeesk lânskip

15 aug 2012 - 15:03

Sa'n 150 wittenskippers út 25 ferskate lannen komme nije wike nei Ljouwert en Skylge om te praten oer it Europeeske lânskip. Underwerpen binne de gefolgen fan ferstedsking, natuerûntwikkeling, enerzjyproduksje en toerisme. De lânskipskonferinsje wurdt elke twa jier hâlden. De foarige kear wie it kongres yn Letlân. Mei subsydzje fan de provinsje hat de Fryske Akademy derfoar soarge dat it dit jier yn Fryslân hâlden wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)