Konfrontaasje mei simulator

09 apr 2014 - 16:54
  • Jeugd kin it rydgedrach besjen yn de scootersimulator.

TeamAlert wol mei in 'scootersimulator' jongerein wize op asosjaal scootergedrach. TeamAlert hâldt him dwaande mei de feilichheid fan jongeren yn it ferkear. Neffens sifers fan it Ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu en Dutch Hospital Data ferûngelukje der yn Nederlân sa'n 3000 scooterriders yn it jier. 'Wy wolle de jongerein dêr bewust fan meitsje', seit Nacht Gilsing, projektlieder fan stichting TeamAlert. Yn de simulator wurde situaasjes neispile dy't yn it echte libben ek foarkomme.

De bestjoerders krije punten foar de wize fan riden. TeamAlert giet mei de simulator troch it hiele lân en woansdei wienen se op it AOC Terra yn Wolvegea. De simulator is noch oant en mei 17 april yn Fryslân, ûnder oare yn Ljouwert, It Hearrenfean, Snits en Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)