Konflikt wenningbouferiening

06 okt 2004 - 17:07

It bestjoer fan de wenningbouferiening Smellingerlân is net demokratysk dwaande. Dat seit de Bewennersried Fryslân. Dy ferskilt fan miening mei it bestjoer oer in fúzje fan wenningbouferiening Smellingerlân mei de wenningstichtingen fan De Jouwer, Hearrenfean en Snits.

Foar dy fúzje moat de feriening omset wurde yn in stichting. De lederied hat dêr tsjin stimd. It bestjoer soe no dochs in fúzje trochdrukke wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)