Konflikt by sjirurgen Antonius

05 sep 2006 - 15:19

Sjirurch Tariq_Shadid fan it sikehûs yn Snits sit al sûnt april siik thús nei in konflikt mei de oare sjirurgen. Dat meldt de direksje yn in ferklearring. It konflikt soe neat te krijen hawwe mei de aktiviteiten fan de sjirurch foar de Palestijnske saak. Dat wurdt yn oare media suggerearre.

De oanlieding foar it konflikt is in komplikaasje by in operaasje troch de sjirurch. Nei ûndersyk die bliken dat him neat te ferwiten wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)