Konflikt preemjes Hearrenfean

30 sep 2009 - 09:41
  • Spilers wolle preemje foar winnen beker

De spilers fan SC Hearrenfean easkje noch 10.000 euro oan preemjes fan ferline seizoen. Ofpraat wie dat se in preemje krije soenen foar it winnen fan de beker en foar it heljen fan Europeesk fuotbal. De preemje foar de beker is betelle mar dy foar Europeesk fuotbal net. De direksje fynt dit net nedich om't bekerwinst automatysk Europeesk fuotbal betsjutte. De spilers wolle beide preemjes hawwe.

Direksje en spilers ûnderhannelje oer de saak en wolle gjin kommentaar jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)