Konflikt plysje Flylân útiten

19 jan 2007 - 13:43
  • reboelje ûnder it plysjekorps op Flylân is foarby

De reboelje ûnder it plysjekorps op Flylân is ferline tiid. Yn 2005 waard it folsleine team oerpleatst fanwege ûnderlinge rúzjes. Twa minsken ha de plysje dernei ferlitten. Trije oaren fochten it beslút juridysk oan.

De korpslieding hat dêrnei besluten in mediator oan te stellen. Mei súkses, ien fan de plysjeminsken komt werom op Flylân. Beide oaren ha dúdlike ôfspraken makke. De kjeld is út de loft en prosedueres binne stilsetten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)