Konflikt Pasana noch net oer

05 feb 2008 - 16:00

It konflikt yn 'e top fan soarchgroep Pasana yn Noardeast-Fryslân is noch net oplost. Fan heal desimber ôf is der ferskil fan ynsjoch tusken direksje en ried fan tafersjoch. Sûnt dy tiid sitte beide partijen thús.

In mediator is al in moanne yn gesprek mei belutsenen. De bemiddeling soe op syn lêst 1 febrewaris ôfrûne wurde mar dat is dus net helle. It is noch net te sizzen wannear't de problemen foarby binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)