Konflikt op Flylân oer bagaazjeferfier

30 jan 2015 - 11:33
  • De beide bagaazjeferfierders op Flylân

Der is op Flylân in konflikt ûntstien oer it bagaazjetransport fan en nei de fearboat. Oant no ta wienen der twa bedriuwen dy't de koffers fan toeristen hellen en brochten, Wietze de Boer en Zeelen. Mar no is besletten dat it wurk tenei allinnich noch gund wurdt oan Wietze de Boer. Dêrmei rekket Zeelen it wurk kwyt.

Neffens bedriuwslieder Wim Molog fan Zeelen is it beslút net op in earlike wize nommen en kostet it twa seizoenwurkers harren baan. Ek soe de Skylger eftergrûn fan Zeelen in rôl spile hawwe yn it beslút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)