Konflikt om kamera oplost

02 maaie 2003 - 00:00

It konflikt oer in kamera tusken twa Goutumer gesinnen is oplost. De famylje De Vries hie in koart pleit oanspand tsjin de oerbuorman. Dy soe in kamera hingjen hawwe dy't neffens De Vries yn syn hûs seach.

De rjochter seach freed op it plak dêr't de omstriden kamera hinget. Dat ûnder it each fan in soad lanlike parse. Hy stelde fêst dat de kamera net yn it hûs fan De Vries sjen koe. Dy luts dêrop it koart pleit yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)