Konflikt oer takomst bybs

04 okt 2011 - 22:38

It biblioteekwurk yn Noardeast-Fryslân liedt de needklok oer de takomst. Mei in plan om 5 fan de 9 biblioteken te sluten, lei direkteur Jouke Bethlehem tiisdei in bom ûnder it oerlis mei de wethâlders. Achter it plan skûlet in konflikt tusken wethâlders en biblioteekwurk. It oerlis oer de besunigings leit troch in omstriden ûndersyk al sûnt juny stil. Amtners fertelle Bethlehem yntusken dat de sluting fan 5 festigings noch net genôch opbringe sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)