Konflikt oer soarch handikapten

22 nov 2002 - 00:00

It konflikt tusken in tal âlden fan handikapten en soarchynstelling Talant is noch net út de wrâld. De 51 handikapten wachtsje al in skoft op har ferhuzing nei Burgum. Dy is hieltiten útsteld fanwege in tekoart oan húsdokters.

De Burgumer dokters ha no oanbean om spoedeaskjende help te jaan. Mar dat is de âlden net genôch. Sy wolle folsleine medyske help. Ien fan har hat no oankloppe by de SP yn de Twadde Keamer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)