Konflikt NoordNed net útiten

15 jun 2004 - 00:00

It konflikt by ferfierbedriuw NoordNed is noch net út 'e wrâld. Dat die tiisdei bliken by in gearkomste fan 'e ûndernimmingsried mei de meiwurkers yn Ljouwert. De wurknimmers binne net tefreden oer it foarstel fan 'e Ried fan Kommissarissen om in gedelegeard bestjoerder njonken Braam te setten.

Neffens de UR lost soks neat op omdat in gedelegeard bestjoerder sa wer ferfongen wurde kin. De UR wol dat in nije direkteur beneamd wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)