Konflikt mei Edman út ´e wrâld

11 mrt 2009 - 12:07
  • Erik Edman yn it shirt fan sc Hearrenfean (argyffoto)

It konflikt tusken SC_Hearrenfean en âld-spiler Erik_Edman is út de wrâld. De Sweedske linkerfleugelferdigener hat tajûn dat er yn 2004 fout siet by de finansjele ôfwikkeling fan syn transfer nei Tottenham_Hotspur.

Edman kleemde doe dat SC_Hearrenfean him in part fan de transfersom betelje moast, de klup ûntkende dat. No docht bliken dat de saakwaarnimmer fan Edman him net hâlde oan in mûnlinge tasizzing oan de klup om ôf te sjen fan dat jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)