Konflikt H'fean en Partizan

17 jan 2007 - 15:59

Sportklup Hearrenfean en de Servyske klup Partizan Belgrado binne it net iens oer de fergoeding dy't Hearrenfean betelje moat foar de oergong fan Miralem Sulejmani. Neffens de regleminten fan it wrâldfuotbalbûn moat elke klup foar in spiler ûnder 23 in opliedingsfergoeding beteljen.

Hearrenfean fynt it bedrach dat Partizan freget te heech. Sulejmani moat noch in ferbliuwsfergunning krije, foar't er meispylje kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)