Konfettykanonnen yn Ljouwert

24 okt 2002 - 00:00

De fjoerwurkkampanje yn Ljouwert ein novimber begjint mei in feestlike knal. Kanonnen wurde by de Hobbybeurs yn it FEC ôfsjitten. Kanonniers yn unifoarm út de tiid fan Napoleon betsjinje de kanonnen dêr't konfetty útkomt.

Brânwacht en plysje fersoargje in demonstraasje oer fjoerwurk. Buro Halt freget omtinken foar de risiko's fan fjoerwurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)