Kondysjetest yn Thialf

28 des 2011 - 14:14

Op Thialf koene minsken woansdeitemoarn harren reedrydkondysje teste. Se moasten yn ien oere safolle mooglik rûntsjes ride. Doel fan de aktiviteit wie dat minsken sjen kinne hoe't it mei de kondysje is as se tochten ride wolle. Dêrneist koene se sjen wat it effekt fan de trainingen of lessen is.

Alle dielnimmers krigen in tagongskaart foar de kwalifikaasjewedstriid foar de 5 kilometer, dy't woansdeitemiddei hâlden wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)