Konduktrise wurdt mishannele op stasjon De Westereen

12 mrt 2016 - 14:57

In treinkonduktrise is freed oan it begjin fan de middei mishannele op it stasjon fan De Westereen. Se waard troch in ûnbekende jonge mei in fytsketting slein, doe't se de jonge oanspruts op syn gedrach. Hy wie by it reade ljocht de spoaroergong oerstutsen. De jonge besocht de frou yn it gesicht te reitsjen, mar dy koe dat opfange mei har earm. Se rûn dêrtroch in pynlike earm op.

De plysje is no op syk nei de jonge. Dy is in jier as 17 en hat in ûnfersoarge uterlik. Hy is útnaaid yn de rjochting fan Old Dutch yn De Westereen. Wa't mear wit oer de jonge wit, wurdt fersocht de plysje te beljen op 0900-8844.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)