Konduktrise mishannele

15 aug 2011 - 10:50
  • Treinstasjon fan Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)

In 36-jierrige Ljouwert is sneintejûn oppakt foar mishanneling fan in konduktrise. De man reizge sûnder kaartsje mei de trein fan Snits nei Ljouwert. Hy koe ek gjin identiteitsbewiis sjen litte.

De konduktrise sei dat it sa net koe en de man waard sa lilk dat er de konduktrise fêstpakte. In omstanner holp har om wer frij te kommen. De plysje hat de man meinaam fan it treinstasjon Ljouwert nei it buro. Dêr hat er in proses-ferbaal krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)