Konduktrise kiel tichtknypt

07 aug 2014 - 12:50

De plysje hat woansdei in 24-jierrige Ljouwerter oanhâlden nei't dy in 30-jierrige konduktrise mishannele hie. De man hie gjin treinkaartsje kocht en hy woe him net identifisearje. Doe't de man oanhâlden waard, fersette er him en knypte er de kiel fan de konduktrise ticht.

De man is troch de plysje meinaam nei it plysjeburo. Hy sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)