Kondukteur krijt klappen fan 17-jierrige Ljouwerter

13 aug 2015 - 10:30
  • De trein rydt dit wykein net tusken Ljouwert en Harns

In 17-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan woansdei op tongersdei oppakt omdat er in treinkondukteur slein hat. De jonge siet sûnder jildich ferfiersbewiis yn de trein fan Grins nei Ljouwert. Doe't de kondukteur de Ljouwerter hjirop oanspruts, waard er agressyf.

Hy hat de man meardere kearen slein. De plysje hat de jonge op it stasjon yn Ljouwert oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)