Kondukteur bedrige op It Fean

26 okt 2014 - 11:58

De plysje hat sneontemiddei in 19-jierrige ynwenner fan Stienwyk oppakt omdat er in kondukteur bedrige hie. De kondukteur hie him op it stasjon fan It Hearrenfean oansprutsen omdat er gjin jildich kaartsje hie. Dêrop bedrige en misledige de fertochte de treinkondukteur. De plysje waard warskôge en dy hat de man meinaam nei it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)