Kondoomaksje yn 'e krystnacht

25 des 2003 - 00:00

In groep aksjefierders hat op krystjûn kondooms útdield by de katolike tsjerke oan de Foarstreek yn Ljouwert. De aksjefierders wolle sa protestearje tsjin it stânpunt fan 'e katolike tsjerke oer foarbehoedmiddels.

De katolike tsjerke is tsjin it brûken fan kondooms. Neffens de aksjefierders sil troch dat stânpunt de AIDS-epidemy benammen yn Afrika allinnich mar grutter wurde, omdat de tsjerke dêr in soad ynfloed hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)