Kondoléânsjeregister yn Twizel

22 maaie 2014 - 07:32
  • It kondoleânsjeregister yn de sportkantine yn Twizel
  • Kondoleânsjeregister

Yn de kuorbalkantine fan sportpark De Moune yn Twizel leit tongersdei in kondoléânsjeregister. It kin tekene wurde troch minsken dy't har meilibjen toane wolle oan de famylje fan it famke, dat woansdei by in ûngelok op it sportpark om it libben kaam. Op it park stoarte in dugout yn, dêr't fiif bern by ferwûne rekken. It omkommen famke wie ien fan har.

De kuorbalkantine is tongersdei iepen fan 8.00 - 11.00 oere en fan 15.00 - 17.00 oere. Der is op it sportpark ek in plak ynrjochte dêr't blommen dellein wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)