Kondensorgebou REC mei bliuwe

15 feb 2012 - 11:25
  • REC ôffaloven

It kondensorgebou fan 'e ôffalferbaarningsoven yn Harns mei stean bliuwe. Dat hat de Ried fan Steat woansdei bepaald. Boargemaster en wethâlders fan Harns seine earder dat it gebou der yllegaal stie. Omrin stapte nei de rjochter en krige gelyk. Dêrop stapte stichting Afvaloven Nee nei de Ried fan Steat.

It kondensorgebou is net yn striid mei it bestimmingsplan en mei sadwaande stean bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)