Komst temapark stiet faai

18 aug 2000 - 10:45

Der komt wierskynlik gjin temapark oer natuer en lânbou yn Fryslân. It idee foar it park kaam fan de direkteur fan it Fries Natuermuseum. Mar hy hat de provinsje skreaun dat er him werom lûkt.

De provinsje hat it museum frege om in finansjeel dekkingsplan. It natuermuseum is it dêr net mei iens. It fynt dat de provinsje no earst de prinsipiele kar meitsje moat foar of tsjin in temapark.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)