Komst tankstasjon Súdlannen soarget foar rûzje mei wykpanel

23 sep 2015 - 10:33
  • Nijboulokaasje yn 'e Súdlannen

Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert moatte om tafel mei it wykpanel Súdlannen om te praten oer de rûzje dy't ûntstien is oer de komst fan in tankstasjon oan de Oeriselseleane. Dat seit de PvdA-fraksje yn de gemeenteried.

De foarsitter fan it wykpanel hat syn funksje dellein fanwegen de minne kommunikaasje troch de gemeente. In twadde bestjoerslid stapte earder om deselde reden op. De PvdA wol no dat troch de gemeente de kommunikaasje sa gau as mooglik ferbettere wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)