Komst soarchsintrale fertrage

24 sep 2002 - 00:00

De komst fan in saneamde soarchsintrale yn Ljouwert is fertrage. De Ljouwerter festiging soe der dit jier noch komme en tsientallen banen opsmite moatte. Dat waard ein ferline jier sein by de oprjochting fan Soarchsintrale Noard.

Fia sa'n sintrale kinne meardere soarchynstellings de berikberens foar klanten regelje fia ien telefoannûmer. De festiging wurdt no yn 2003 ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)