Komst rike Westerlingen net goed

05 feb 2006 - 12:01

Rike minsken dy't út it Westen nei Fryslân komme, binne funest foar de ûntjouwing fan it plattelân. Om't sy de measte boukavels opkeapje, geane de eigen jonge ynwenners faak fuort. Eigen doarpelingen moatte foargean, fynt de PvdA-fraksje yn de Twadde Keamer.

Ien en oar stiet yn it boekwurkje Mensenwerk in het Landelijk Gebied dat sneon presenteard waard yn Grou. De PvdA wol dat der mear boud wurdt foar de ynwenners fan lytse doarpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)