'Komst Icedôme hiel ûnwis'

30 mrt 2014 - 13:25
  • Untwerp fan Icedôme

De komst fan Icedôme yn Almere is hiel ûnwis. Dat meldt Omroep Flevoland. Op syn lêst op 1 april wolle de KNSB en NOC*NSF witte oft it de inisjatyfnimmers slagge is om in finansierder en eksploitant te finen. De finansierder moat ree wêze 183 miljoen euro op it kleed te lizzen. Saakkundigen yn de bouwrâld sizze dat it hast ûnmooglik is om yn dizze ekonomyske tiden in ynvestearder te finen. Dat kin inkeld as de gemeente Almere ek bydraacht, mar de gemeente wol dat net. Neffens in sportekonoom moat der oerheidsstipe by, wol it rendabel wêze.

It jild moat fan in eksterne finansierder komme. Dat kinne de bouwers, BAM en Van Wijnen, net sels opbringe. Neffens in âld-direkteur fan boubedriuw BAM wurdt it dreech om it plan te realisearjen. Hy tinkt dat der in oare, goedkeapere ferzje komme sil. Dat biedt wer perspektyf foar Thialf dat ek gading makke nei de reedrydtimpel. As it plan foar Icedôme wizige wurdt, dan kinne de konkurrinten, lykas It Hearrenfean en Zoetermeer, wer nei de rjochter stappe. Yn 2016 soe it stadionkompleks yn Almere der stean moatte.

Sjoch hjir foar de berjochtjouwing fan Omroep Flevoland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)