"Komst fan Fryske Google Translate is wis"

24 sep 2015 - 13:08
  • Ien fan de oer te setten sinnen

De komst fan in Fryske Google Translate is wis, alteast dat tinkt Anne Dykstra, inisjatyfnimmer fan de Fryske Google Translate Wike. Neffens him binne der al safolle oersetters dwaande mei it oersetten fan Ingelske sinnen nei it Frysk, dat hy oan de ein fan dizze wike rekkenet op 100.000 oersettings.

Dykstra hat berjocht krigen fan Google dat der no al genôch oersettings ynfierd binne om oer te gean op de 'kontrolearfaze'. De oersettings wurde neisjoen troch ûnder oare Fryske Akademy en Afûk.

Der wurde neffens Dykstra nammentlik noch wol in soad staveringsflaters makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)