Komst El-Akchaoui hast rûn

02 jul 2010 - 12:33

Youssef El-Akchaoui en SC Hearrenfean binne ticht by in mûnling akkoart. De ûnderhannelings duorje lang, omdat de linkerferdigener syn kûtbonke brutsen hat. Mar syn revalidaasje ferrint goed. "Ik ben absoluut fit voor de eerste competitiewedstrijd tegen PSV", sa seit El-Akchaoui.

El-Akchaoui tekenet op koarte termyn in kontrakt dat him foar trije seizoenen oan Hearrenfean ferbynt. De Marokkaan slút dan takom wike oan by de seleksje fan Ron Jans.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)