Komst El-Akchaoui definityf

05 jul 2010 - 15:26
  • Jan van Erve fan SC Hearrenfean mei de nije oanwinst

Youssef El-Akchaoui spilet de kommende trije seizoenen foar SC Hearrenfean. Moandeitemoarn hat de Marokkaanske ferdigener foar it earst meitraind mei de seleksje op sportpark Skoatterwâld. Dêrnei hat hy syn hantekening set ûnder in trijejierrich kontrakt.

El-Akchaoui waard ferline seizoen nei in oanfarring mei twa ploeggenoaten út de seleksje fan NEC set. Dêrnei waard hy ferhierd oan it Dútske FC Augsburg. Dêr bruts er syn kûtbonke. El-Akchaoui mocht NEC transferfrij ferlitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)