Kompromis yn koart pleit

18 jul 2003 - 00:00

Omrop Fryslân hat freed in kompromis berikt yn it koart pleit tsjin de steat oer de minne radio-ûntfangst. Der komt in nij ûndersyk nei de ûntfangst fan Omrop Fryslân Radio. De Omrop, it Agentschap Telecom en de NOZEMA fiere dit út. Harkers mei klachten kinne fan tiisdei ôf in formulier ynfolle op de webside fan Omrop Fryslân of belje.

In ôffurdiging fan de trije partijen sil dan de plakken by del, dêr't de kwaliteit fan de ûntfangst min is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)