Kompromis tulpen op hôf

04 maaie 2004 - 00:00

De tulpen op it tsjerkhôf fan Ternaard wurde earder meand. Om krekt te wêzen trije wiken. De tulp waard let meand om de plant te behâlden. De bosktulp is in bysûndere stinzeplant. It tsjerkhôf like net kreas om't der let meand waard. De begraffenisferiening steurde him der oan.

De gemeente Dongeradiel en de begraffenisferiening ha in kompromis oer it meanen sletten. Ek mei de tulp no yn it gemeenteplantsoen groeie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)